Lytse PC

Keatsferiening Jacob Klaver organisearret sneon 12 septimber 2009 foar de 60e kear de Lytse PC, in senioren wedstriid frije formaasje . It begjint om 10 oere.

De prizenpot is ryklik fult, lúkse artikels mei in wearde fan rom € 1000,- Ek mei de ferlotting binne d’r prachtige prizen te winnen Piet Zondervan rikt dizze dei de prizen fan it jierklassement 1e klasse út. Nei ôfrin muzyk mei Wichard en Eppie Weidenaar. De tagong foar sawol keatsen as feestjûn is fergees ! Klik hjir foar de list

Geplaatst op 10 September 2009